zaterdag 22 september 2007

Da ies Da.

Lesten, begon april wie ik mei Mister Gasterlant,
Anne Gersjes op pat. Wie hewwe der herten told in bosk en laant.
De herten dwoan ut der go! Hy het mie de iens letter ut Landgoeud de Mottekamp in Rugehuzen sen lotten. Ut wod no fubout. Un rieke kearel het ut kaipe. Hie wol ut saikjen in aalde staet werom brynge. Anne ies sien rentmester.
Ik bin ur even mei him in west. Ut foal mie op, dat dur jitte sofule oer blieunt ies fan ho at ut froeger wieu en ho go de kleuren en ut timmerwork er jitte ut soongen. Ut aalderwetse dus. Iek geeng even nei boppenen en iek soong nest de troppen op de eerste fudepping, nei de soolder un loekjen. Anne fetolde me dot ur efter dot loekjen un soatte lik alkoof wie, wut ien de oallich oenderdoekers sitten hewwe. Gelokkich heek mien kameraatjen bie mie. Iek hef gaau efen un een poar ploatjes nomt. Naet te opsichtich omdost toch in ut oenbewenne huus fan een oar bist.

No iest begon moaie doe sochst op roadio en op ut skot (tillefiesje ast dot lauwer hest) een soad oendacht foar de twadde wraaldoallich.
aalde bewenners van ut pantIek leet jimme jin ploatjes fan dot alkoofjen graig seun. Je stoane hir nest. Ut ies onfoarstelboar, dat jin meensken hir feuwer jier in libbe hewwe. Iek hew Anne jo jitte even belle om te freegjen hofule meensken der sitten hewwe. Hie see dur hewwe de hele oallich lang twa joadse minsken in die kasse sitten. Anne sol jittes neifreegje bie jin jitte libje en in Rugehuzen wenje, ho at dot destiets geenzen ies.

Jo ies ut fewer moaie. De doaden wodde hertoat. Mien Aete (stokdaif) see kot nei de oallich in de leugenbank in Hylpen, de historiese wodden: Da ies Da ! Edder ienne oallich hee ur der al us mei tu loede stemme seit: Het mutte jin Heinrichgen hir?, wurnei de hele lu oer um henne koam: Halt dien bek.!
Ju pakje die op !, roopten je letter, dea de duutsers al fut wieden.
Hie hee un dudelike meunning oer de da, die ek al naat meer strookte mei sien grifummeade weazen en troch sien daivens hee ur ek gin sicht meer op het at ur om him henne badde. Gelokkich noamen ze him dot in Hylpen ek naet kwoalik.

As iek oen de twadde wraaldoallich tienk, den tienk iek ek altied oan Marlene Dietrich (tooneelspielster) en Max Schmeling (boksur) en fansem oen mien Aete yn Hylpen! Dot binnen foarbeeulden fan meensken jin at stoane as een huus. De gewoane meensken in Duutsland hewwe ek een soad liet, rekkenje der mar op! Dot hew iek wol troch krieggen nei proat mei duutsers, mei ut kampearjen derre.

Hir ies de tekst van een prachtich duuts fersjen van Marlene oer de twadde wraaldoallich: Sag mir wo die Blumen sind. Eigenlik ies ut een antioallich fersjen!

Rooping


Dizze wyke krekt werom fan fekaansje uut Duutsland. Iek hef der op ut skot de leste poatten footballen sient. Gesellig so oender jin Duutsers. De Mueritz en de Aestsee (de eilaanden Ruegen en Usedom) binne werkelik skitterende natuurlaandskippen. De Seearenden derre donderden dy, by-wyze-fan-sprekken, hest op de kleppe fan dyn pet. Kwa natuur:hors categorie! Niks fekearts oer de Oostvaarderplassen, hear. mei een breedpaor en een joeng (foarblod NRC fan jester)
Wie hewwe mei uus sleurhutje (Mei son hoendehokjen:kipkompakt300, hest evengo een soat bekyks underweis )op mooaie plakken steenzen.(foto Plauer See) Wie hewwe elke dei ek jitte yn een breuak leit, om u sem, om meensken en dyngen om us henne!

By ut troch lezzen fan de krante(n) woard iek wur by de struat pakke troch dot gedicht fan Reve. Hy waarskouwet ek tjin lieat, jin ynkelingen oenderdrukke wolle krekt as Willem Wilmink dot ek oender oaren ek dweit yn syn weargaloas oentroerende gedicht Ben Ali Libi! Geet oer een eenfaldigge en oenskeldigge kunstner die knakt wot troch de nazies
Roeping ies no ek yn ut yngels fetaald:

Futendoaliks den ek mar even in ut Hylpers oersotten:

Suster Immaculata, jo at al feauwer-en-trytich jier lamme en aalde meensken wesket, jerre bod feskeenet en ieten jouwt, sol naaet jerre nemme breetut stoan sen. Mar elke smorrige aep, die roopt, dot er foor dit ies en tjin dot en de boel ophaalt, komt wol iens, mei syn freet op ut skot.
Go, dot er een Got ies!!

Inch Allah

D'oryjènt mei al jèrre pracht
Hèt méar gesichten às de moene
Léeuwe àl toezend èn één nòat
Dòt jèrre sproakjes naet bestoane

Want iek héar Jéruslèm
Króaijen às ’n skòrre hoahne
Bló en tréanen yn jèrre stèmme
Feskoet tròch Tórah en Koráen

Yn alle tèmpels en moské’n
Wòt jitte libbe nei ’t gelóaf
Màr butendòar Maria Magdalena
ies’t fòlk dòt dy fejèt

Inch Allah, Inch Allah, Inch Allah, Inch Allah.

Twisken pun en prykkeltré
Sit 'n flinder òp 'n blòmme
En yn 'n stiksèaten stréate
Lijt ‘n bònneskoen yn' t saent

Gòt fàn de Himmel èn fan de Hèl
Doe kèst 't kwá naet ferhinderje
Dèr lijt 't sáent fan Jérusalèm
Tròchtrènke mei bló fan al jèrre bòn

Inch Allah, Inch Allah, Inch Allah, Inch Allah.

Oer de grèns yn ’e woestijn
Stróamt ’t wètter ut de bròn
Sò as dòt wètter wòl iek wèaze
'n Stròam fan Sàdam en Shàron

Requièm fòar miljoenen dòaden
De Palèstijnen en de Jóaden
Wie dòt ‘n òffer fòar de góaden
En kòmt nò fréade yn jèrre nèamme??

Inch Allah, Inch Allah, Inch Allah, Inch Allah.

Hylper Wodden: Anske Smit
Fry nei: Belinda Meuldijk

SV Hylpen 1966-2006

S.V. Hylpen 1966-2006
40 jaar.


De spylers kòmme nei bûtenen
De kop yn de sònne
Joenge Góaden, móaie kûûten
Pryzen loenkje oen de kim

Stòadion yn brâânt
trè man feby
Twa kéér kappe, één kéér droaie
Aâlde hèlden fewòdden

Kykjend nei 't léér
De kieper hèt 't troch!
tikjen brééd jouwt twyfel
Sèm ut lèste tikjen

De aigen blieuwe dèl
Bàl nei de linkerskôen
Oarèkkenje mei jèster
Ast 't nò naàet dwijst, foalst!

Ròchterpóót òmhaich
De bàl kèn it sim reitje
Even nei de tribune sèn
Je róópe syn nèmme

Yrmtàkken yn de lôft
It jouwt haléluja
Een dèpe sucht
Noait gin wòlken méar. Foar ywig joeng!

Hylper wòdden: Anske Smit
Fry nei : Tim de Wit

Bèn Ali Libi.

Bèn Ali Libi.

Op ’n list fàn àrtysten, yn d’òalg femòdde
Stéat ‘n nèame dy’k nàet kó
Dùs sóóng’k d’r mei féwoend'ring nei
Bèn Ali Libi,
de Goegelòar.

Mei ’n proatjen ’n làk uut de Bèk, mei’n goegeldoase
En ’n Alibi het ‘r krèkt betòat
Skàrrelde‘r de kòst byennèm
Bèn Ali Libi,
de Goegelòar.

De fryënden fàn de swàtte widewe Ròst, ròapen
dòat Holland felòst wòdde mòast
fàn de jóadse-kuumen. Mar jèa fòanden
Bèn Ali Libi,
de Goegelòar.

So faik ‘n doë òf ’n blòmme festòppe,
màr himsèm festòpje séét d’r nàet yn
dèa àt‘r hàd op ‘e dòar boenke wòat,
stoong de boevewyn àl klòar
Fòar.
Bèn Ali Libi,
de Goegelòar.


Meskyn hèt ‘r yn ’t konsèntròasjekàmp
syn muiste trukjes sèan lòtten.
Mei ‘n làk om ‘e bèk ‘n òawaait téaken mei de hòant
Bèn Ali Libi,
de Goegelòar.


As ‘k sòn bàlter sèan
Mei ‘n alternatyf fòar démokrátsy
Tynk iek: Dyn Pàràdys,
Hofuule roemte ies dèr eigelik
Fòar Bèn Ali Libi,
de Goegelòar.

Fòar Bèn Ali Libi, dy likje schlemyl
Hy rèast yn fréade,
Gòt hèt syn Syl


Hylper Wòdden : Anske Smit
Fry nei: Willem Wilmink

Slauerhoff

O engeitado


Iek feel ’t yn my bedèrven
No ak wet, wu‘k oen da goan
Oen ‘e káenten fan ‘e Taag
Jin gele, oahellende kaenten
Der ies niks muiers en mankelyker.
’t Bestoan ferhéaven en traich

Iek ron middes op de Prado’s
Yns héar iek de Fado”s
Sòarjend tot dèap yn é nòat
"A vida é immenso tristura"-
Iek feel my byenem loeken
Troch de kwoal dy syn tiid oawoatet

De wyfen jint fisk fekaipje
en wèzens jint niks méar hooapje
As een douro méar, foar jit een kéar
Jèa soenge jèm even felotten
Troch ‘t wukòatsen fan’t gelud
yn de stréate.
Yn ‘e stolte soender fewéar.

En fàn jèm héarde iek soengen
Myn kilte tot mànkelykens dwoengen
"Iek hèf niks tòt tróast as myn klacht
't Libben kènt gin genoade
Iek hèf oars niks as myn fado
Om myn léage nóat te vullen

Iek feel ’t yn my bedèrven
Hir hèt 't sin om te stèrven
Wur alles wulps swelget yn pine
Lisboa, oait stéé der stéden
Dy't froeger trochsléapt nei't hjo
en ruynes mei fenaim fewàt.

Iek wòt tròch dyn wooan betjoene
Oait hèf 'k oendekt en feroafere
Dy letter alles feloant
Om hir oen de traige stróam
By 't gròf van de gràste droam
Da te goan: "tudo é dôr"

Hylper wodden: Anske Smit
Fry nei J. Slauerhoff

Foar 'n doenser, (For a Dancer - Jackson Browne)

Foar 'n doenser,

Hââld ‘n foenkjen yn dyn aigen
Blieuw nei de styren kiekjen
Doe wèst noait het er dèl komt
Iek hèw dy naaet los lotten
Doe doenseste altyd om my hènne.
Iek gééng d’r fanut dos’t ééwig by my blééfst
Mei dy – as klaaun - koast lakje
Mar iek kèn dy naet méar fynde

Iek wèt naet hèt d’r bat as méénsken dâ goane?
Iek kèn my d’r niks by foarstèlle
Ties krèkt as een fèrsjen, yn myn oar
Dot iek naet soenge kèn,
Wur’k èk naet nei luusterje kèn
Iek féél my graauw èk at se my troaste
Iek doenjse lauwer mei dy de nóat ut
Làk oen, hèt us yn’t libben te woatjen stéét èn
It noadlot, dèr kèst toch niks oen feroareje

Nim de stèppen jin se dy oenderweis sèn lééte
By èlken-één dyst kèst èn dyst oait tjin komst
Tot dot it doensjen fan dy ies en dy eigen mèkke hèst!
Ticht nèst dyn eigen stèppen, groeie èk oare stèppen.
Oent éént fan’t libben ies d’r één doens oer
Dyst allonisch dweist!

Bàn 'n kèasse foar alle méénsken
Léét dyn gebéaden swéave yn’t himmelgewèlf.
Doe wèst noait hèt at by dy dèl komt
Meskien wol een bètteren wrââld
Mar foar it solde jèld fedwynt alles om dy hènne
Ek wus’t yn dyn libben so foar stéénzen hèst
Léét dy oensékerheid ut naet fan dy wônne.
De wrââld droait toch troch.

Hââld fol….. èn skréuw’t fan e dakken.
Doe bist nô een èchte doenser!
Ut een séétjen, plante troch oaren.
Sèat op...."Plantje sèm èk séétjes!
"Twisken dyn begon en dyn éénde
Leit de èchte réaden fan dyn bestoan!
Mar………séakerheit bestéat naet!


Hylper Wodden: Anske Smit
Fry nei: For a Dancer / Jackson Browne.

De LU

At Nelson Mandela 'n Hylper wie , dy 't faik yn de leugenbank komt, den hee hy, yn syn ynougureale reede, yn 1994 miskyn it folgende so seit:

Us graste angst ies, dot we de minste naat weaze wolle.
Mar we kenne us eigen kragten lang naet.
Wy dimme te faik us eigen locht.

We ferwoenderje us: "Wa bin iek, om so groatsk te weazen?"
Kreeas, sportyf, spielsk, talenteare: we hewwe een soat oensen!
Doe freagest dy oa: "Wa bin iek om it so foar-en-nem te hewwen”?

Doe bist een bon fan Got !
Dy sem delbodjen teannet de wraald naaet!
Seast niks mei op.
Doe stroalst niks ut ast de dekking haich haelst !

Oare meensken wodde der mar oenseker fan!
Hy het syn Goddelik locht joent om dysem just sen te leeten.
Dyn styre skynt naat allonich, mar dy fan elk dweit 't!

Ast fry fan angst bist,
kenne oaren jem ek fry feele !
Ast dyn locht skiene leest,
kenne oaren ek stroale!

Hylper wodden: Anske Smit
Fry nei : Marianne Williamson A Return to Love.

Myn Feer

Myn Feer,

Bron fan weazen, dot iek tjin kom
yn het my rekket
Iek jou dy een nemme
sodot iek dy, yn myn libben ken.
Skien dyn locht op my
Meitje it woddich
Festigje dyn ryk
fan eenhyt no.
Het jy graich wolle,
Wolle wy ek
Jou elke dei nest
Us bra ek ynzicht
Meitje it stikjen sim los fan
het us bient oen jester
Soas wy ek oaren
Jerre missteppen fejoan
Leete we de gewoanste dyngen
naaet by it fekearde eent nimme.
Want ut jy komt alles
de alworkseme wolle.
De libbende kragt om te dwoan.
It fers, dot alles omfat.
En dot ymmer wur fenyt.

Hylper wodden: Anske Smit.
Onze Vader: Ut it Aramees (de easte ieuw )

De Slach Stef Bos

De Slach,

Moarn feroverje’k de Hymel foar dy
East de loft,
Den de wynt en den de wolken
Foar dy
As’n twirre, fan’t oenwear dy fenoate wekkermekket
En doe sochst troch ’t ruut nei buutnen
En doe sochst my op ‘e moene stoan
Fenoate!
Den bestoarme’k de Hymel
En as’k felon
Felon iek foar dy
En naat foar niks !

Miskien ies de swyrtekracht sterker
Miskien bin’k wol mekke om te sterven
Mar as’k fal
Fal’k as ’n Yngel
Dy’t op go gelok fetrout
Moarn feroverje’k de Hymel foar dy

Alle goaden stoane oen myn kaant
Ek de dyvel ies my trou
Moarn feroverje‘k de Hymel foar dy

Hylper wodden:Anske Smit
Fry nei: Stef Bos

Endeavours Four

De easte kear, dat iek yn myn libben echte popmuzyk (live spiele) hearde wie yn Hotel Cafe de Hinde in Hylpen. By Keije en Lamkje. Uus burlied! Folgens my wie dot in 1963. Ut wie by de premiere van ut Hylper bandjen The Endeavours Four. Iek wie dea ut enige joenkjen oender de sechtin, twisken allegaer eldere lieud. Iek seet oene cola mei jin aalde frygesellen u.a. Oebele Amsterdam, Jelle Ligthart, jea seten om de roende taffel, oent bier!! Iek foant prachtich. Aalde stikken fan de Shadows (Hank B. Marvin) en Country & Western stikken, fan u.a Jim Reeves. Bertus (sologitoar) wie en ies jitte gek op de Shadows en Christ ( sanger en slaggitoar) destiids krekt werom uut Canada, broat de C&W ienfloeden derin. Op un seker moment, letter die iend, griepte my een hoand yn 't nekfol en ienenen loik buten de doar, op e haiven en op e streete! Ut wie mien mem (IJmkje van der Kooij 1910-2000): "Doe bliksemse joenge sistoe noal in de kroeg?! "Ties un skande"!! Op dien trottinde troch dyn mem uut de kroeg skoet ! Het een oagang!! Dot foant iek destiids as boan en het my heel lang dwos sitten. Letter hek ut jer pas fejoent! Jo wie ( yn de tradisje fan de blaauwe knoap) spoakbenauwt, dot iek op ut fekearde pad komme soe!
The Endeavours Four hewwe yn Noard Neederland een nemme opbauwt foar hylper dwoan, en dermei ut fier skopt!
Hirnest steet de hoes van jerre singeltjen Pretending. Dot wie ek de titelsong (Frans Meijts) fan de neederlaanse film mekke yn 1968 troch Nicolai van der Heyde, mei de yngelse titel To Grab The Ring. Op de hoes fan de singel stoane fan links nei rochts Douwe Penning, Bertus Penning, Luit Valk en Christ Penning.
Douwe ies da, Luite, (Hylpen) Christ(Hens) en Bertus (Snits) binne jitte Alive & Kicking.