woensdag 28 januari 2009

Âte Bertus

 Iek kèn my nâât huege,
dòt er óait een Hylper
yn myn tyd wië,
dy it yn syn bealch kreag
nei Wââens te goan
om te betynken,
dot de Fryzen, de Hollanders
feslynt hèwwe.
Jimme wòl??
Mar no hearde iek lèsten,
dot der froeger toch
wolres Hylpers hènne gééngen.
So ies my nò een ferhoal
bekènt wòdden,
ûût de eeaste helft
fan de foarigge ieuw,
dot Bertus Stallmann,
mei syn broer Jehannes,
swaiger Hindrik Kuipers
en Seecle
- elk jiër mei jerre fèweren, op e fyts -
nei Wââens gééngen.
Johannes, het roeger yn de bek,
séé tjin syn broer Bertus:
"Bertus, doe must mar rekkenje
dot se hir heel het méénsken
de hèassens inslynt hèwwe!"
Bertus, wy mei dy
oenfesnyde ûtspraik
fan syn broer Jehannes óen.
Hy kó der naaet tjin,
al dòt ferbòale gewelt.
Hy séé op een sèfte,
tegelyk ynhâldene tóóan
"Doe must naaet.....Jehannes"

vrijdag 23 januari 2009

It Jòenkjen mèi 't Wyte Hiër.

It Jòenkjen mèi 't Wyte Hiër.

Een hàdde sûûdwèster gybet
om dy ââlde skéve gryze.
de swàtte pànnen flène fàn
de blááuwe reddinglòads.
't Géa tòt de dyk
fàn 't Tòntjen
óenderwetter stróept.
Een séé sóender fiskers.
Yn 'n midde
wòat it hèt róemer
de wynt lòay 'm dèl
de sònne kóam derby.
Gááuw kykje by de haiven
hòfiër 't wètter fàn'e sée
trõch de slûûzen fan
Kòrwetersâânt àl sàkke ies.
Op de plètte geeltjes
nèst de skééve basalten
Dèr Wië se.
- Jò kéék my làkjend óen -
'n Iek 'n lik màntjen
mèi spiër wyt hiër,
de wynt yn d'aigen
Yn 'n blááuwen
sèm-breide-trui
mei wyde hàls.
swàt mesjèsteren bróók
'n poar òatràppe
gééle kloempen
mèi een kràm.
Iek héé wòl tròch:
"dèr kéék se nèi èn
dèr fòal se fòar!".

Fòskjen yn Hylper Wòdden tròch: Anske Smit, jan 2009