woensdag 28 januari 2009

Âte Bertus

 Iek kèn my nâât huege,
dòt er óait een Hylper
yn myn tyd wië,
dy it yn syn bealch kreag
nei Wââens te goan
om te betynken,
dot de Fryzen, de Hollanders
feslynt hèwwe.
Jimme wòl??
Mar no hearde iek lèsten,
dot der froeger toch
wolres Hylpers hènne gééngen.
So ies my nò een ferhoal
bekènt wòdden,
ûût de eeaste helft
fan de foarigge ieuw,
dot Bertus Stallmann,
mei syn broer Jehannes,
swaiger Hindrik Kuipers
en Seecle
- elk jiër mei jerre fèweren, op e fyts -
nei Wââens gééngen.
Johannes, het roeger yn de bek,
séé tjin syn broer Bertus:
"Bertus, doe must mar rekkenje
dot se hir heel het méénsken
de hèassens inslynt hèwwe!"
Bertus, wy mei dy
oenfesnyde ûtspraik
fan syn broer Jehannes óen.
Hy kó der naaet tjin,
al dòt ferbòale gewelt.
Hy séé op een sèfte,
tegelyk ynhâldene tóóan
"Doe must naaet.....Jehannes"

Geen opmerkingen: