donderdag 21 november 2013

Ferzje Gosse Blom

Ferzje Gosse Blom

'n Wichtjen fôr de Wraald

Naat allónnich
yn in nii jier
tip 'k de notten út.
In wûnderbaeren
fiskfangst mei in
wichtjen meadedoagen
lyket my wol het!
Meensken út jerre
Skymer helje,
Miskyn kómst
tróch in
Lekkerbekjen
of in daesjen
Kibbeling mei
Saus al in heel eend.
Altyd op seek
nei oars, nei mear,
niie Fiergesichten
as 't hael ken.
De efterdôr epen
De Kop yn de Wynd
Nei Wier'gen ôf
nei Follendam
Alles feroarje
óm in lik stikjen
tichter byinerm
te kómmen.
Lichter worde!
Só as de Hylper
Yselmorfisker
Sipke Boatsma
't opskriend het:
'Krekt het 'k Woed'.
Niks mear, niks minder!












**
’n Maya Noat

Fannaete soong ’k
yn myn drôgjen
fôr ’t earst
myn tôlf jier
èaldere Suster
Aagje weróm.

Jó hee in kael
skeard haad.
en herkende
my naat.

't Wie goo mei jer
oen-dy-Oare-Kaant!
Jó roakte sigaretten,
must neigaen!

Kenst jer wol tróch
In Laampegles helje.
Maetjen seksentrytich!
Foar iiuwich jûng!

Yn jerre swart-wyte
Twiggy-jurkjen,
brekt se mei
brekyzer-en-moaker
’n tókken gryze
betónnen flier epen.
De keuken oen ’t
ferbouwen.

Oent ’t Logo
op de daezen
só-te-sên
mut it wol
’n blaau-gelen
keuken fan
IKEA wêze.

woensdag 13 november 2013

Wichtjen foar de Wraald.


Wichtjen foar de Wraald.

Naat allonnich
yn un ny jier
tip'k de notten uut.
Un woenderboare
fiskfangst fan un
wichtjen meadedoagen
lyket my wol het!
Meensken ut jerre
Skymer helje,
Miskien komst
troch un Lekkerbekjen
of un doasjen
Kibbeling mei saus
al un heel eent.
Altyd op seek
nei oars
nei mear, nye Fiergesichten
as 't hoal ken
De Efterdoar eepen
De Kop yn de Wynt
Nij Wier'gen of
nij Follendam
Alles feroarje
om un lik stikjen
tichter by-un-nem
te kommen.
Lichter wodde!
Soas  de Hylper
Yselmorfisker
Sipke Bootsma
 't opskrient het:
'Krekt het'k Woed.
Niks mear, niks minder!

Gedicht yn Hylper Wodden
troch Anske Smit

'n Maya Noat


'n Maya Noat

Fenaote soong'k
yn myn droagjen
foar 't earst
myn toalf jier
eldere Suster
Aagje, werom.

Jo hee een koal
skeart haad.
en herkende
my naat.

't Wie go mei jer
oen-dy-Oare-Kaant!
Jo rookte sigaretten,
must neigoan!

Kes't jer wol troch
een Laampe-gles helje.
Moatjen sex-en-trietich!
Foar ywich joeng!

In jerre swat-wyte
Twiggy-jurkjen,
brek't se mei
brekyzer-en -mooker
'n tokke gryze
betonnen vlier eepen.
De keuken oen't
febouwen.

Oent 't Logo
op de doasen
so-te-sen
mut it wol
'n blaauw-geele
keuken fan
IKEA weaze.

Gedicht yn Hylper Wodden: Anske Smit

[...]'n moai Krystferhoal......'n meenske ken feroarje!


[...]'n moai Krystferhoal......'n meenske ken feroarje!
Oen't begon fan de Boeren yn Hylpen, op huusnummer 44 sit 'n bysoendere geavelsteen yn'e moere. (Ieksem wennen fan myn geboarte yn 1950 tot 1972 op'e Boeren C 84, letter fenommere tot nummer 50)
Der steat 'n hoend op mei derboppe 'n yngeltjen, dot mei syn flerkjes boppe de hoend flocht. Hir wenne lang lieden 'n seekaptijn.
Kest it jitte sen oan it moaie yzeren skipjen in 't locht, boppe de doar. Dy seekaptijn hee 'n wyf jo at de boas oer him spyle.
Boppedot wie se skytskeen. Jo wie ywich-en-altyd oen't poetsen en mei de beender oen de gang; al glimden en blynkten de flier en ut huusree jitte so, even-so-go kryge alles wykliks wur 'n beurt. Jerre man mocht mar hoal mei leazen of weete kloan, de huus yn komme. At' r smoarch wie of weet fan 't skip oakoam, moast hy'm earst mar fekloaye. Op 'n kear koam de man thus mei 'n groate swatte hoend, neidot hy seks wyken op see west hee. Hy hee dy hoend redden by 'n skipbreuk en mei oen board nomt. 't Earme troue beest wie naat wur fan syn siede wykt. Dea at se yn Hylpen oen koamen wie't heel min weer west. Je stoongen foar de doar. De hoend roan 't wetter ut't hier. Jo smoarch wyf woe 't beast fansem naat yn'e huus hewwe. Der wie gin tynken oen! De man see, den sot iek ek gin foet mear oer de droempel. Jo moast 't mar soender him redde! No, dot ko wol, see jo wyf! Jo tipte yskaald de doar foar syn noas ticht. De man goong mei de hoend wurom nei 't skip en joong 'm del. Hy komt moan wol wur, toat jo wyf. Den het'r syn bekomst wol. Mar de man koam naat. Hy en syn hoend sylden op-nie uut.
Jitte toat jo wyf, dot hy wol werum koam. Mar jo kryge gin gelyk. De seekaptijn bleef jieren fut. Hy sylde fan haiven nei haiven, fan laand nei laand. Der wie immer wol wer 'n nyen fracht.
Jo wyf woat elder en minder op'e groat. Jo hee bliksems troch, dot se allonich blieuwe soe. Je begreep mar al te go, dot 't heelendal oan jer sem leit hee. Je hee der spyt fan dot se so'n spoak west hee. In de ron fan de jieren wie se 'n oar meenske wodden.
Op 'n tisteren hierstnoat roasde der 'n swiere sudwester oer Hylpen. Mei buuten haigel, hadde wynt en rynen, woat der oan'e doar kloppe.
Jo wyf deeng eepen en der stoong jerre man yné doarpost. Dweel-troch-weet, de kloan oan fladden. Nest him een groate swatte hoend, al lyke smoarch en weet!
Mar jo wyf soong de smoargens naat. Dot se beiden dweal-troch-weet wieden, dearde jer naat. De man en dy hoend moasten yn'e huus komme. Jo foal jerre man yn'e yrmen en helle denei de hoend oen. It blykte, dot de hoend by'n skipbreuk syn boas it libben redden hee. Jo wyf oent-teide. De hoend kreech it beste plakje yn'e huus! De man sylde nimmer de haiven wur uut. De leste jieren fan jerre libben hewwe jea freadich yn Hylpen wenne. De man het sorge, dot ter eare fan syn traue hoend en redder, 'n geavelsteen yn'e moere fan 't huus metsele ies.

Hylper Wodden, oersotten ut't Boerefrys: Anske Smit

Myn foskjen oer de See


Myn foskjen oer de See

See, See Sudersee
See, Sudersee
Libjende See,
Drech my
Nim my mij.
See, Sudersee  nim my mij!
Nei 't Plak wur as'k heer.
See, See, Sudersee
so deap, so wyd,
drech my op dyn Rech.
As'k fal, slok my den op
See, Yk sen
hoas't drieuw'st
As'k yn dy weisynk
bin'k fest felont.
Yn dyn sefte skoat
reeke myn slappe
futten de saand'rigge
groende naat
See, Deppe See,
til en drech my
nei't Plak fan myn Hert.
Tot de Sonne skeen syn nocht
het fan dy gryze Loft
See, ...drech my,
Nim my mij
tot 't Wetter my oerspeelt.
Leet dyn Boaren
oer my henne ronne
Soas Jo fenote smoek
oer my henne loay!
Losleeten yn ferskoerende Hertseer
Trochsotte sit fan binnen
Dyn ontkenning oender d'aigen sen
Snie 't sim los fan
de angst, de leegte
de eensaamhyt, die'k
foar dy festopje.
Skoer 't bosk eelhooken
mar uut us Rech.
See, See, oh....deppe See!
Leet my sleepe
oen de knibbels
van dyn boaren
Leet 't Wetter
fan dyn wyte
kolkjende stroam,
myn fierjende
hertseer mijfoere.

Hylper wodden: Anske Smit.

Fry nei 'n: Peter Gabriel foskjen.

Skymerje




Iek mei graich 's Skymerje
Locht ut, Noflik sitte
Yn't Likhuus fan myn tynken
't Tister roffelt seft feby
'n Opsternoate hierst
Mei 'n glesjen Bordeaux,
Op een tresits bank
De futten oer-en-em
Vinylploat fan
Kathleen Ferrier
Op de droaitaffel
Ombra mai Fu
Ut de oaven snuuf'k
De reuk fan myn
Lasagne variant
Bij 't geluud fan de
Krante troch
De breevebosse
Leet iek it Kaimer-locht
Mijsin jit'even uut.
Mar 't Reruggeltjen
fan myn leave Hetjen Skye,
bant de hele dei
Oen de kyme fan myn Syl.
Noait mear Skat.


Hylper Wodden: Anske Smit