donderdag 21 november 2013

Ferzje Gosse Blom

Ferzje Gosse Blom

'n Wichtjen fôr de Wraald

Naat allónnich
yn in nii jier
tip 'k de notten út.
In wûnderbaeren
fiskfangst mei in
wichtjen meadedoagen
lyket my wol het!
Meensken út jerre
Skymer helje,
Miskyn kómst
tróch in
Lekkerbekjen
of in daesjen
Kibbeling mei
Saus al in heel eend.
Altyd op seek
nei oars, nei mear,
niie Fiergesichten
as 't hael ken.
De efterdôr epen
De Kop yn de Wynd
Nei Wier'gen ôf
nei Follendam
Alles feroarje
óm in lik stikjen
tichter byinerm
te kómmen.
Lichter worde!
Só as de Hylper
Yselmorfisker
Sipke Boatsma
't opskriend het:
'Krekt het 'k Woed'.
Niks mear, niks minder!












**
’n Maya Noat

Fannaete soong ’k
yn myn drôgjen
fôr ’t earst
myn tôlf jier
èaldere Suster
Aagje weróm.

Jó hee in kael
skeard haad.
en herkende
my naat.

't Wie goo mei jer
oen-dy-Oare-Kaant!
Jó roakte sigaretten,
must neigaen!

Kenst jer wol tróch
In Laampegles helje.
Maetjen seksentrytich!
Foar iiuwich jûng!

Yn jerre swart-wyte
Twiggy-jurkjen,
brekt se mei
brekyzer-en-moaker
’n tókken gryze
betónnen flier epen.
De keuken oen ’t
ferbouwen.

Oent ’t Logo
op de daezen
só-te-sên
mut it wol
’n blaau-gelen
keuken fan
IKEA wêze.

Geen opmerkingen: