vrijdag 13 mei 2016

't Ferhòal fan Gròate Loëtke en 't likje fiskesjòltjen


Ferhòal fan Gròate Loëtke en 't likje fiskesjòltjen . Froeger....Òp sék're dèi gééng Gròate Loëtke tekéér! Hy báálte oen't Haivenhââd by 't Haivenlòcht oen de Làngbrège. Dèr wië't him 'n fiskesbóatjen oentkòmt. Hy héé 't nâât siënt! Dòt bóatjen wië fóar dòt Gròate Loëtke 't skipjen òp 't àich kréég. hèst binnentròch oen't Kòldum tòfàt, Wèt jim hèt hy dééng? Hy mèkke him trè kéér gràtter às hy àl wië. Hy stèkte àl mei syn héle bòppelichem bòppe de Fiërtoer by 't Haivenlòcht ûût. As een bliksemskicht stèkte hy syn kòp yn de gryze-lééch-hàngjende-wòlken. Hy mèkke 'n gròate stèp! Hy stèpte mei syn ròchter póat hòalverwége, fiër de Bouwhûzen feby. Dènei jitte één step Hy stóóng àl hòalverwége Mekùrren. Nò héé Gròate Loëtke dòt ontglipte fiskesskipjen twisken syn fùtten fòar it grypen! Hy pàkke 't hóalten boatjen twisken de mèst en de gàffel béét, tipte 't mei 'n slynger ut àlle màcht, oer syn háád! 't Skipjen flóóng pàs by Ids-Syn-Hóóft wùr oer de dyk. 't Fiskesskipjen leit der fèst jitte wòl, dèap oender 'n tòkke laich grys sâânt, miskyn. Yn de tyd fan myn Aòte lòay 't der séker! Hy hèt 't likjen hòalten jòltjen dèr mei eigen àigen lizzen siënt!


Hylper Wòdden: Anske Smit Fry nei 'n ferhòal ûût Antwerpen: Lange Wapper en de Vissersboot. 

donderdag 5 mei 2016

Aesterlocht.


't Locht komt op in 't Aesten.
Moarns betied,
op earste Krystdei.
Hylpen ies jitte yn deape rest.
Hy ront liement-allonich,
yn't tister oer de kraikjende wyte snee.
troch de Van Meek'rensteeger.
Kraich omhaich.
Sjoal om, deap feskuule
yn syn gryze duffelse Monket.
Een lik swat bakkelieten
bakjen mei een
skeerkwast fan Dassehier
en Skeerseepe van
De Vergulde Hand
oender de yrem.
Op wei nei syn aalde moat
Wiebe, die troch die smoarge
Parkinson, syn worksame
fiskershenden naat meer
go broeke ko.
Libbenslange Frientskip ankere
troch it hadde libben op
de Yngelse herringloggers.
Aalde Foppe Amsterdam,
yn de snerpende kelt
fan de Aestewynt,
stol, traich en trouw
nij syn aalde fiskesmoat
Ho so?
Meensken losleete?
Een Sameritoan,
een Yngel togelyk
Beelden, wur'ter sem
naat eens nei toalet.
Een Woender fan 't likje Bon.
yn de Troage
Het iek dy sis!

Een Krystfosk
Hylper Wodden:Anske Smit