vrijdag 13 mei 2016

't Ferhòal fan Gròate Loëtke en 't likje fiskesjòltjen


Ferhòal fan Gròate Loëtke en 't likje fiskesjòltjen . Froeger....Òp sék're dèi gééng Gròate Loëtke tekéér! Hy báálte oen't Haivenhââd by 't Haivenlòcht oen de Làngbrège. Dèr wië't him 'n fiskesbóatjen oentkòmt. Hy héé 't nâât siënt! Dòt bóatjen wië fóar dòt Gròate Loëtke 't skipjen òp 't àich kréég. hèst binnentròch oen't Kòldum tòfàt, Wèt jim hèt hy dééng? Hy mèkke him trè kéér gràtter às hy àl wië. Hy stèkte àl mei syn héle bòppelichem bòppe de Fiërtoer by 't Haivenlòcht ûût. As een bliksemskicht stèkte hy syn kòp yn de gryze-lééch-hàngjende-wòlken. Hy mèkke 'n gròate stèp! Hy stèpte mei syn ròchter póat hòalverwége, fiër de Bouwhûzen feby. Dènei jitte één step Hy stóóng àl hòalverwége Mekùrren. Nò héé Gròate Loëtke dòt ontglipte fiskesskipjen twisken syn fùtten fòar it grypen! Hy pàkke 't hóalten boatjen twisken de mèst en de gàffel béét, tipte 't mei 'n slynger ut àlle màcht, oer syn háád! 't Skipjen flóóng pàs by Ids-Syn-Hóóft wùr oer de dyk. 't Fiskesskipjen leit der fèst jitte wòl, dèap oender 'n tòkke laich grys sâânt, miskyn. Yn de tyd fan myn Aòte lòay 't der séker! Hy hèt 't likjen hòalten jòltjen dèr mei eigen àigen lizzen siënt!


Hylper Wòdden: Anske Smit Fry nei 'n ferhòal ûût Antwerpen: Lange Wapper en de Vissersboot. 

Geen opmerkingen: